Filmhûs Slieker yn Ljouwert lûkt mear besikers

Filmhûs Slieker Film yn Ljouwert hat ferline jier folle mear besikers lutsen as yn 2013. Wienen dat der yn 2013 noch goed 22.000, yn 2014 gong it tal besikers rjochting de 29.0000. Slieker Film ferhuze yn 2013 nei it Fries Museum dêr't it mear kapasiteit hat en ek breder programmearje kin. Dat is ien fan de redenen foar it tanommen oantal besikers.
It súkses fan de film Boyhood wie in grutte opstekker foar it besikersoantal. Lanlik is it oantal minsken dat ôfrûne jier nei de film gong yn trochsneed gelyk bleaun.