Spanning by topkoks foar Bocuse d'Or

Nei twa jier tarieding moasten topkoks Jan Smink en Rogier Peeters woansdei yn Lyon itensiede foar de Bocuse d'Or. Foar in folle seal mochten se sjen litte hoe goed oft se dat kinne. Tûzenen minsken folgen yn in grutte hal yn Lyon de ferrjochtings fan 24 lannen dy't meidogge. De spanning by it Nederlânske team, dat hast folslein út Friezen bestiet, wie grut.
In sjuery beoardielet alle gerjochten. Yn de rin fan de jûn wurdt de útslach bekend en moat bliken dwaan oft Nederlân foar in ferrassing soargje kin.