Botsing op A7 by Terwispel

28 jan 2015 - 15:44

Op de A7 by Terwispel is woansdeitemiddei in auto op in frachtwein botst. De auto stiet yn de middenberm. De plysje hat ien rydstrook yn de rjochting fan Drachten ôfsletten om by de auto komme te kinnen. Ien fan de ynsittenden rekke ferwûne en wurdt mei de ambulânse nei it sikehûs op It Hearrenfean oerbrocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)