Brief fan F.D. Roosevelt yn Tresoar ûntdutsen

28 jan 2015 - 15:38

By histoarysk sintrum Tresoar yn Ljouwert is in bysûndere fynst dien: in brief fan de eardere Amerikaanske presidint Franklin Delano Roosevelt. Hy skreau de brief yn 1894 oan Sijbrand Fontein yn Harns. Roosevelt wie doe 12 jier en betanket 'Mister Fontein' foar de postsegels dy't oan him opstjoerd binne. Hy fertelt dat hy no al mear as 1.700 postsegels yn syn samling hat.

De famylje Roosevelt komt sels oarspronklik ek út Nederlân. Dêrom is it net frjemd dat der kontakten wienen.

De brief lei al jierren yn it argyf, mar kaam no pas oan it ljocht. By de tariedings foar in spesjaal brieveprojekt fan Tresoar kaam it boppe wetter. Theo Kuipers kaam de namme fan Roosevelt tsjin yn in lange list fan brieven en socht de brief dêrnei op. It papier en ek it skriuwen is goed bewarre bleaun. Kuipers wol noch ûndersykje oft der mear kontakt west hat tusken Fontein en Roosevelt.

Roosevelt skriuwt ûnder oare yn syn brief: "Dear Mr. Fontein. It was most kind of you to send me all those stamps and I am ever so much obliged to you for them. I only had 5 of the Dutch stamps & not many more of the others so I feel quite rich now as I have more than 1700." De brief is ûndertekene mei: Franklin D. Roosevelt, Hyde Park on Hudson, New York, U.S.A.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)