Undersyk nei kealle-opfok by Dairy Campus

28 jan 2015 - 14:24

Meiwurkers fan de Dairy Campus yn Ljouwert dogge de kommende fjouwer jier ûndersyk nei ferbetterings fan de kealle-opfok. Undersikers sille bygelyks sjen nei it fretten dat de bisten krije, mar ek nei ferbetterings op it mêd fan de húsfesting, hygiëne en sûnens fan de bisten.

Troch de opfok te ferbetterjen moatte kij mear molke produsearje en in pear jier langer libje. It ûndersyk kostet in heal miljoen euro en wurdt meibetelle troch bedriuwen yn de suvelsektor.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)