Skoalbern stride om NK skoalploege-achterfolging

28 jan 2015 - 14:19

Yn iisstadion Thialf hawwe woansdei 68 Fryske skoalteams tsjin inoar striden op it NK skoalploege-achterfolging. De bêste teams meie troch nei de finale, dy't op 12 maart yn Hoorn is. It evenemint waard oant foarich jier troch de KNSB organisearre, mar dy luts om finansjele redens de stekker derút.

Dit jier ha twa kommersjele bedriuwen de reedrydaktiviteit oppakt. Skoalbern hoege net by in iisklup oansletten te wêzen om mei te dwaan, want sawol rekreanten as lisinsjehâlders meie de ploege-achterfolging ride.

Dizze skoallen geane troch nei de finale:

Famkes Junioaren C-1 1200 meter
Bornego De Jouwer 1

Famkes Junioaren C-2 800 meter
Dockinga Ferwert

Jonges Junioaren C-1 1600 meter
OSG Sevenwolden

Jonges Junioaren C-2 800 meter
Dockinga Ferwert

Famkes, Junioaren B-1 1600 meter
RSG Magister Alvinus

Famkes, Junioaren B-2 800 meter
CSG A.M. van Schurman

Jonges, Junioaren B-1 1600 meter
Burg. Harmsma, De Gordyk

Jonges, Junioaren B-2 1200 meter
Simon Vestdijk

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)