Ljouwert wol mear grien yn de tunen

Ljouwert docht mei oan Operatie Steenbreek. De ôftraap fan dit lanlike projekt is woansdeitemiddei op hegeskoalle Van Hall Larenstein. Fiif stêden dogge mei oan de aksje. It doel is om tunen griener te meitsjen.
Hieltyd mear minsken lizze har tún fol mei stiennen en dat hat gefolgen foar de natoer. Wetter rint sa bygelyks minder goed fuort en dêr is it rioel net op berekkene.