Elma de Vries krekt neist poadium op iepen NK op Weissensee

28 jan 2015 - 11:33

It is Elma de Vries net slagge om it iepen NK op de Weissensee te winnen. De reedrydster fan De Haule einige op it fjirde plak. De oerwinning by de froulju gie foar it tredde jier op rige nei Mariska Huisman. Twadde en tredde waarden Foske Tamar van der Wal en Yvonne Spigt.

De manlju komme woansdeitemiddei op de Weissensee yn aksje. Se ride op it iepen NK 100 kilometer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)