Taksateurs Wetterskip op 'en paad om mûzeskea

Dat de mûzen grutte skea oanrjochtsje oan it lân stiet al fêst. De fraach is hoe grut oft de skea is. Yn Fryslân allinnich al binne mear as 700 meldings fan skea, de skea wurdt rûsd op 70 miljoen euro. Steatssekretaris Sharon Dijksma wol meiwurkje oan in plan fan oanpak en in fersekering tsjin de skea.
Taksateurs moatte oeral de krekte skea opnimme. Fan de provinsje en de gemeente moatte se noch op 'en paad, mar de taksateurs fan Wetterskip Fryslân binne al in skoftke dwaande. Se sjogge benammen nei de wetterkearing.
Wetterskip Fryslân hâldt syn hert fêst foar de stoarm dy't woansdeitejûn foarsein is. Troch de mûzepleach binne meiwurkers der net wis fan oft de polderdiken en wâlskanten it hâlde mei min waar. Se hâlde de boel dêrom ekstra goed yn de gaten en sille de wâlskanten tongersdei wer ynspektearje.