Nederlânsk team woansdei oan de slach mei Bocuse d'Or

28 jan 2015 - 06:19

Topkoks Jan Smink en Rogier Peeters begjinne woansdeitemoarn mei de itensiederswedstriid Bocuse d'Or yn it Frânske Lyon. Se wurde dêryn bystien troch de coaches Lars Aukema en Leendert Klaassens. Se binne der klear foar. Nei moannen fan tarieding moatte se no sjen litte wat se kinne.

Neffens topkok Marco Poldervaart, dy't fjouwer jier lyn meidie, is it allegear noch grutter as de foarige kear. Der kinne mear minsken op de tribunes en lannen wurde somtiden troch hiele orkesten oanmoedige.


Wat wurdt der Twittere?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)