"Popbunker Snits yn septimber lang om let klear"

De bou fan in popbunker yn de Havenstrjitte yn it sintrum fan Snits is yn septimber klear. Dy tasizzing docht kultuerwethâlder Mirjam Bakker. De realisaasje fan de muzykoefenromte hat troch tal fan oarsaken mar leafst fiif jier duorre.
De kommende tiid wurdt wurke oan it wat grutter meitsjen fan de oefenromten. Ek wurde de bûtenmuorren sa makke dat der gjin lûd trochhinne komme kin. Hjirtorch moat lûdsoerlêst foar omwenjenden foarkaam wurde. Al mei al hat de bou fan de oefenbunker goed in heal miljoen euro koste.
Wethâlder Bakker wol de bunker mei in soad leven iepenje.