Marit Bouwmeester wint yn Miami de earste twa wedstriden

27 jan 2015 - 19:48
  • Marit Bouwmeester

Sylster Marit Bouwmeester út Warten hat by de wrâldbekerwedstriden yn Miami de earste twa races wûn. De wrâldkampioen yn de Laser Radial klasse makke yn de earste race har favoriterol wier. Se finishe as earste. Ek yn de twadde race liet se eltsenien achter har. Dit is spitigernôch net registrearre. Dêrtroch stie se as 'net finishe'.

De coach hat hjir protest tsjin yntsjinne. Op dit stuit is noch net bekend wat dêrfan de útslach is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)