Amtners fan Súdwest-Fryslân ferhúzje nei Snits

27 jan 2015 - 17:08

De gemeente Súdwest-Fryslân keapet it gebou njonken it âlde gemeentehûs fan Snits. De beide gebouwen kinne sa byelkoar lutsen wurde en is dan mei 650m2 grut genôch om alle amtners fan de fúzjegemeente ûnderdak te jaan. It gemeentehûs fan Wytmarsum is ferkocht. Yn dat gebou sil in soarchsintrum komme.

Boargemaster Hayo Apotheker is optein oer de deal dy't sletten is. Op dit stuit sitte noch 75 amtners yn Wytmarsum. In part sit yn Drylts en in part yn Snits. It kommende jier sil yn Snits ferboud wurde.

De bedoeling is dat takom jier maart de grutte ferhuzing plakfynt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)