Utstjit skoarstien fan de REC wurdt jier lang mjitten

27 jan 2015 - 16:03
  • De ôffaloven yn Harns

Der wurde in jier lang kontinu mjittings dien yn de skoarstien by de ôffaloven yn Harns. Der wurdt mjitten op dioksines en furanen. De provinsje en de gemeente Harns ha dêr tiisdei mei ynstimd. In part fan de befolking fan Harns is ûngerêst oer de luchtkwaliteit yn Harns en omjouwing troch de REC. De kommisje dy't ynsteld is om de luchtkwaliteit te ûndersykjen fynt dat der tefolle ûndúdlik is oer hoefolle dioksines en furanen út de skoarstien komme. Dêrom is no besletten om op dit plak de mjittings te dwaan.

Der sil op koarte termyn besjoen wurde hokker bedriuw de mjittings útfiere mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)