Inisjatyfnimmer Aqua Zoo bot skrokken fan fallisemint

27 jan 2015 - 15:00

Addy de Jongh is bot skrokken fan it fallisemint fan Aqua Zoo by Ljouwert. Hy wie yn 1994 de inisjatyfnimmer fan otterpark Aqua Lutra, dat útgroeide ta Aqua Zoo. Fan it begjin ôf wiene der finansjele problemen. Yn 2001 waard Aqua Lutra omfoarme ta Otterpark Leeuwarden, mar dat waard ek gjin sukses. Yn 2003 kocht de Zodiac Groep it park en waard it Aqua Zoo en kamen der ek in soad oare bisten. De Jongh fynt dat der alles oan dien wurde moat om it park oerein te hâlden en hat dêr ek wol ideeën oer.

Yntusken is de kurator dwaande mei ferskillende gadingmakers foar in trochstart. Binnen uterlik twa wike moat der dúdlikheid komme oer in oernamekandidaat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)