ChristenUnie wol fleksibelere regels foar opname asylsikers

De fraksje fan de ChristenUnie yn provinsjale steaten wol dat Fryske gemeenten fleksibeler omgean mei de húsfesting fan asylsikers mei in ferbliuwsstatus. Op dit stuit bepaalt de provinsje op basis fan it oantal ynwenners hoefolle 'statushâlders' in gemeente opnimme moat.
De ChristenUnie wol dat feroarje. Net allinne it oantal ynwenners moat in kritearium wêze, mar ek it tal beskikbere wenten. Gemeenten mei in tekoart oan wenten foar flechtlingen, soenen it kwotum oerdwaan moatte kinne oan gemeenten mei in soad beskikbere wenten.