Gemeente It Amelân hat betrouwen yn takomst âldereinsoarch

27 jan 2015 - 07:46

Wethâlder Linda van der Deen fan It Amelân hat der betrouwen yn dat der âldereinsoarch op It Amelân bliuwt. Mei it fallisemint fan soarchgroep Pasana stiet ek de takomst fan de âldereinsoarch op it eilân faai. Oant 20 jannewaris koenen oernamekandidaten harren melde by de kurator. Dy makket ynkoarten in beslissing.

Oant dy tiid wurdt de soarch betelle út in fangnetstichting. De gemeente It Amelân hat der by de kurator op oantrune dat minsken sa lang mooglik goeie soarch krije kinne op it eilân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)