Steatssekretaris Dijksma wol mûzeskea sjen

Steatssekretaris Sharon Dijksma fan Ekonomyske Saken komt tiisdei nei Fryslân. Se wol mei eigen eagen sjen hoe grut oft de skea fan de mûzepleach is. Dêrfoar giet se ûnder oare by in boerepleats yn Follegea del. Boppedat sil se mei ferskate fertsjintwurdigers út de molkfeehâlderij prate.
De boeren hoopje dat Dijksma troch de besite it probleem better begripe sil en har ynsette wol foar oplossings lykas skeafergoeding foar de slimste gefallen en oanpassing fan de strikte regeljouwing dy't boeren hinderet by de bestriding fan de pleach.