VVV Ljouwert: "Ferdwinen Aqua Zoo soe grut gemis wêze"

As der gjin oernamekandidaat komt foar bistetún Aqua Zoo yn Ljouwert is dat in grut gemis foar de stêd likegoed as de hiele provinsje. Dat seit René van der Weide, direkteur fan it VVV-kantoar yn Ljouwert. It kantoar ferwiist in soad toeristen nei it bistepark, om't it park ek mei min waar in populêre bestimming is.
Van der Weide seach it fallisemint dan ek net oankommen. Wol gongen de tagongsprizen de ôfrûne tiid omleech, mar dat is in trend dy't yn de hiele toeristyske brânzje spilet, seit de VVV-direkteur.