Anne Jochum de Vries direkteur Sport Fryslân

Website Sport Fryslân © Omrop Fryslân
Anne Jochum de Vries is fan 1 maart ôf de nije direkteur fan Sport Fryslân. Hy folget Saakje Mulder op, dy't oan de slach giet as direkteur fan LifeLines. De Vries is op dit stuit adviseur by de Antea Groep, foarhinne bekend as yngenieursburo Oranjewâld. Der is ek in link mei de sportwrâld, want De Vries is ek foarsitter fan de Slachtemaraton en de Fryske Olympiade.
De Vries krijt de opdracht om as nije direkteur it belang fan sporten yn Fryslân noch mear te fersterkjen.