Dieretún Aqua Zoo fallyt ferklearre

Dieretún Aqua Zoo by Ljouwert is moandei fallyt ferklearre. Tagelyk mei Aqua Zoo binne ek noch twa oare bistetunen yn Epe en Overloon fallyt gien. It is de earste kear dat yn Nederlân in bistetún fallyt gie. Der wurkje 20 minsken by Aqua Zoo. De bistetunen binne yn swier waar rekke, trochdat de parken te min besikers lutsen. Aqua Zoo hie dêrtroch ûnfoldwaande jild om te fernijen en te ynvestearjen. De bistetún hie in miljoeneskuld by de Rabobank.
Aqua Zoo is al yn petear mei ferskate mooglike oernamekandidaten oer in trochstart.
It memmebedriuw fan Aqua Zoo hie sels it fallisemint oanfrege, omdat it de leanen fan de meiwurkers net mear betelje koe. Foar de bisten by Aqua Zoo wurdt soarge, de fersoargers bliuwe gewoan oan it wurk. De efterstân yn betellings wurdt sa gau as mooglik útbetelle, sa is it strjibjen.