Taksaasje mûzeskea noch net úteinset

De taksaasje fan de mûzeskea is noch net oan de gong. Hoe grut de skea oan boerelân troch mûzen is, kin noch net ûnôfhinklik fêststeld wurde. Taksateurs fan it Faunafûns soene de skea opnimme moatte. Mar omdat mûzen gjin beskerme bistesoart is, falle se net ûnder it wurk fan it Faunafûns.
De provinsje moat it Faunafûns earst offisjeel opdracht jaan en in ûntheffing regelje, sadat de taksateurs it fjild yn kinne. Der hawwe by it mûzemeldpunt fan LTO Noord sa'n 700 skeameldings west. Der wurdt rûsd dat in boer samar in ton skea hat.
Op de grutte mûze-aksjedei fan ferline wike moandei rûsde LTO-Noord it skeabedrach op tusken de 75 en 80 miljoen euro. Mar dat is op basis fan ynformaasje fan de troffen feehâlders sels. It wetterskip is al dwaande mei in skou, om de skea fan mûzen oan de polderdiken te taksearjen.