Finansiering nij Keatsmuseum Frjentsjer is rûn

26 jan 2015 - 10:40

De finansiering fan it nije Keatsmuseum yn Frjentsjer is rûn. Fan tiisdei ôf is it museum de eigener fan it eardere gebou fan de ABN/AMRO-bank oan de Foarstrjitte yn Frjentsjer. Fan dat momint ôf kin in begjin makke wurde mei de ynrjochting fan eksposysjeromten en in dokumintaasjesintrum. Foar it folsleine projekt hie it Keatsmuseum 450.000 euro nedich.

Tongersdei sil it bestjoer fan it museum in taljochting jaan op de plannen foar de takomst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)