Earste pasjinten melde harren yn Sionsberg 2.0

26 jan 2015 - 09:56

Moandeitemoarn om 8 oere melde de earste pasjinten harren yn de Sionsberg. Sa'n 35 meiwurkers binne fan moandei ôf oan de slach yn de Sionsberg 2.0. Yn it sikehûs komme nei ferrin fan tiid wer hûndert folsleine banen beskikber. Dat is in tredde fan wat der yn 'e âlde Sionsberg foar it fallisemint oan wurk wie.

Freed presintearren ZuidOostzorg, DC Klinieken en Cardiologie Centrum harren plannen foar de Sionsberg 2.0. Yn it diagnostysk sintrum is plak foar röntgenûndersyk, bloedûndersyk, echografy en MRI- en CT-scanning.

Trefwurden: 
De Sionsberg Sionsberg 2.0
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)