Bocuse d'Or dizze wike yn Lyon

26 jan 2015 - 06:49

It is dizze wike derop of derûnder foar topkok Jan Smink dy't meidocht oan de grutte itensiederswedstriid Bocuse d'Or yn Lyon yn Frankryk. It Nederlânske team hie ferline wike in grutte tsjinslach te ferwurkjen. De assistint fan Smink, Lars Aukema fan De Jouwer, krige in oven op syn hân en waard sa útskeakele. Rogier Peeters moat him ferfange.

Nettsjinsteande alles giet Smink mei in goed gefoel nei Lyon.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)