UNIS Flyers wint no wol fan Tilburg

© Nicolien Sijtsema
UNIS Flyers hat de kopposysje yn de earedivyzje ferstevige troch de útwedstriid tsjin bekerwinner Tilburg mei 4-1 te winnen. De lêste konfrontaasje tusken beide ploegen wie de bekerfinale dy't mei 5-2 wûn waard troch Tilburg. No wiene de rollen omdraaid. Yn de earste perioade skoarden Brent Janssen en Josh Prudden yn de 4e minút binnen 15 sekonden twa kear foar de Feansters. Prudden hie dêrnei noch in kear súkses. Mickey Bastings makke de earste foar Tilburg. Dêrnei wiene de goals djoer. Allinne yn de tredde perioade fûn Marco Postma it net.
Koprinner UNIS Flyers hat no 32 punten út 17 wedstriden, Tilburg hat 26 út 18. De reguliere kompetysje telt 24 wedstriden, dêrnei folgje de heale finales en de finale.