Aris wint yn eigen hûs fan Weert: 91-85

25 jan 2015 - 17:59

De basketballers fan Aris wûnen snein mei 91-85 fan Weert. Op It Kealledykje pakte Aris fan begjin ôf oan de lieding. Nei it earste kwart stie der in 27-16 foarsprong op it boerd. Yn it twadde kwart wist de ploech fan trainer Tom Simpson de foarsprong te behâlden. By rêst wie de stân 44-37.

Nei it skoft wreiden de Ljouwerters de marzje in lyts bytsje fierder út nei 64-55. Yn it lêste kwart rûn Aris fierder út oant 79-69. De gasten út Weert kamen noch werom yn in spannende slotfase, mar de Ljouwerters joechen de winst net mear út hannen.

Marquise Simmons en Tjoe de Paula wienen de tukste Aris-spilers mei beide 20 punten.

De winst is belangryk foar Aris om sicht te hâlden op de play-offs. De earste seis teams yn de Nederlânske kompetysje pleatse har foar de play-offs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)