Frachtwein neist A32 by It Hearrenfean

Frachtwein neist A32 © Jaring Rispens
Op de A32 by It Hearrenfean is sneintemiddei in frachtwein neist de dyk rekke. De trailer fan de frachtwein begûn te skowen en nei stjoerkorreksjes fan de sjauffeur rekke de hiele kombinaasje fan de dyk. De frachtwein kaam 100 meter fierder foar in ierden lûdswâl ta stân. It bergjen sil in skoft duorje. Nei alle gedachten sil ien rydstrook in skoft ôfsletten wurde om de wein fuort te heljen.