Brûns foar shorttrackmanlju op ôflossing by EK shorttrack

25 jan 2015 - 17:08
  • De Nederlânske shorttrackmanlju pakten brûns op de ôflossing

Shorttrackers Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma, Itzhak de Laat en Freek van der Wart pakten snein it brûns op it ûnderdiel ôflossing by it EK shorttrack. Fan begjin ôf oan namen de Nederlanners de lieding yn de finale en holden dat lange tiid fol.

Yn de slotronden wie it lykwols Ruslân dat de kopposysje oernaam en ûnder lieding fan Viktor An útrûn nei in romme foarsprong. Slotrider Knegt koe him net mear ynhelje. Ek Hongarije wist yn de slotminuten noch foar de Nederlanners te krûpen en pakte it sulver.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)