Sulver foar shorttrackfroulju op ôflossing by EK Dordrecht

25 jan 2015 - 16:46

Shorttracksters Rianne de Vries en Suzanne Schulting pakten snein yn Dordrecht it sulver op it ûnderdiel ôflossing by it EK shorttrack. Yn in spannende finale gong de titel úteinlik nei Ruslân.

It Nederlânske team mei dêryn ek Lara van Ruijven en Yara van Kerkhof ried fan begjin ôf oan foarop, mar moast yn de lêste twa rûntsjes belies jaan. It brûns wie foar Hongarije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)