Grouster bestjoerders ûnder ynfloed

Alkoholkontrôle (argyffoto) © Omrop Fryslân
De plysje hat yn de sneontenacht in 36-jierrige Grouster oanhâlden foar it riden ûnder ynfloed. Dat wie op de Harnzertrekwei yn Ljouwert. De man moast syn riidbewiis ynleverje, hy krige in proses en mocht njoggen oeren net achter it stjoer.
Op de Nieuwekade yn Ljouwert hat de plysje sneontenacht in Grouster (24) oanhâlden foar it riden ûnder ynfloed. De man sprong út de auto en draafde fuort. Nei in achterfolging koe de plysje him oanhâlde. De man woe net meiwurkje oan alkoholûndersyk. Hy rekke syn rydbewiis kwyt en krige in rydferbod.