Frou krijt trije boetes oan de broek

© ANP
De plysje hat sneontenacht yn Drachten in frou trije boetes jûn. Op de Noardkade smiet in 37-jierrige fou fan De Pein ôffal op strjitte. Doe't de plysje har dêr op oanspruts, woe se har net legitimearje en misledige de plysje. De frou is meinaam nei it buro dêr't se de nacht trochbrocht. Foar de mislediging krige se in boete fan 420 euro, foar it fuortsmiten fan ôffal 140 euro en it net toanen fan ID-bewiis 90 euro.