Knegt troch nei finale 1000 meter, Breeuwsma komt te koart

25 jan 2015 - 15:06

Sjinkie Knegt hat him sneintemiddei pleatst foar de finale op de 1000 meter by it EK shorttrack yn Dordrecht. Yn de heale finale gong de Bantegeaster de striid oan mei Daan Breeuwsma, Freek van der Wart en de Israeliër Vladislav Bykanov. De winst gong nei Freek van der Wart, Knegt einige as twadde. Breeuwsma kaam op de einstreek krekt te koart en einige as tredde. Dêrmei wist er him net te pleatsen foar de A-finale, mar komt Breeuwsma noch al yn aksje op de B-finale fan de 1000 meter.

Sneintemiddei wurdt de finale ferriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)