Snitser fiskstreupersduo pakt mei 150 kilo

Twa Snitsers fan 20 jier binne sneintemoarn betiid oanhâlden nei't se 150 kilo oan fisk en netten oan lân brocht hienen by Terkaple. It fiskstreuperijteam fan de plysje seach it duo yn in boat stappen en fuortfarren nei de Terkaplester Puollen. De plysje besleat te wachtsjen op de mannen. Doe't se letter mei de bút, fan benammen snoekbears en snoek, weromkamen, hat de plysje se oanhâlden.
Alle fisken wienen al dea. De plysje hat de auto, de boat en it ark yn beslach nommen. De mannen wurde noch heard.