Knegt en Breeuwsma op EK troch nei heale finale 1000 meter

Sjinkie Knegt © EPA
Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma hawwe harren sneintemiddei pleatst foar de heale finale op de 1000 meter by it EK shorttrack yn Dordrecht. Breeuwsma waard yn syn kwartfinale twadde, Knegt pakte yn syn kwartfinale in earste plak. Ek Freek van der Wart pleatste him foar de heale einstriid op de 1000 meter.
Sneintemiddei wurde de heale finale en de finale op de 1000 meter ferriden. Ek komme de manlju yn aksje op de superfinale op de 3000 meter. It EK wurdt ôfsletten mei de finale op it ûnderdiel ôflossing.