Wiuwert wint Kern met Pit en giet nei lanlike finale

25 jan 2015 - 12:54

De natuermoetingstún yn Wiuwert is winner fan de provinsjale Kern met Pit-wedstriid en krijt 1500 euro. It boargerinisjatyf is dêrmei de Fryske ynstjoering foar de lanlike ferkiezing foar de Gouden Pit, op 18 maart. De moetingstún yn it doarpssintrum hat ûnder oare in pannakoai.

It Wiuwerter plan is ien fan de acht Fryske projekten dy't de Kern met Pit-trofee krigen, mar allinnich Wiuwert giet troch nei de finale.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)