Fryske fotograaf yn lannewedstriid oer de wrâld

25 jan 2015 - 12:24
  • Wurk fan Maartje Roos

Nederlân docht dit jier foar it earst mei oan The World Photographic Cup. Dat is in lannewedstriid foar fotografen oer de hiele wrâld. De Fryske fotograaf Maartje Roos út Hurdegaryp is ien fan de fotografen dy't ús lân fertsjintwurdigje moat. Twa fan har foto's binne ynstjoerd. De sjuery fynt dat de foto's fan Roos opfalle en tinkt dat se in goeie kâns meitsje yn de wedstriid.

Op 2 febrewaris wurdt bekend makke watfoar lannen yn de top 10 sitte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)