LDODK wint mei ien punt ferskil by KVS, ferlies SCO

LDODK hat de tredde winst yn de kuorbal league te pakken. Op besite by nûmer lêst KVS waard mei 22-21 wûn. Beide ploegen wiene oaninoar weage en koene nea it beslissende gat slaan. Yn de Houtrust Sporthal fan Den Haach naam de thúsploech in 5-2 foarsprong. Nei 5-5 stie it healwei 12-10 foar LDODK. De ploech fan Pieter Alberda, haadcoach Jan Sjoerd Pool wie der troch omstannichheden net by, naam yn it twadde bedriuw in 18-14 foarsprong, ek dat wie net genôch. It waard 18-18, mar yn de spanning luts LDODK oan it langste ein.
Yn de haadklasse krige SCO in tebeksetter. Unitas út Hurderwyk wûn yn sporthal De Steense fan Wolvegea mei 21-18.