Kramer, Bergsma en Douwe de Vries nei it WK ôfstannen 5 km

24 jan 2015 - 19:10

Sven Kramer, Jorrit Bergsma en Douwe de Vries hawwe sneontejûn de trije startbewizen pakt foar de 5 kilometer op it WK ôfstannen, heal febrewaris yn Thialf. Kramer wûn de seleksjewedstriid op It Hearrenfean yn in tiid fan 6.18.99. Bergsma einige as twadde (6.20,65) folge troch Douwe de Vries (6.22,64).

Foar de seleksjewedstriid wie der krityk. Kramer en Bergsma fûnen dat sy beiden oanwiisd wurde moasten foar de 5 kilometer, mar de KNSB kin neffens de regels mar ien reedrider per ôfstân oanwize en woe net kieze tusken Kramer en Bergsma.

Foar Douwe de Vries wurdt it syn earte WK. Yn syn rit tsjin ploechmaat Sven Kramer moast er ûnder de tiid fan Wouter olde Heuvel, ek út deselde ploech, bliuwe. Dat slagge mar krekt, it ferskil wie 0.11 sekonde. De blidens wie der by Douwe de Vries net minder om.

By de froulju wie Ireen Wüst al oanwiisd foar de 3000 meter op it WK ôfstannen. Marije Joling en Jorien Voorhuis pakten de oare startplakken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)