Henk Jan Wils nije Fryske kampioen tafeltennis

24 jan 2015 - 18:04

Henk Jan Wils út Grins is de nije Frysk kampioen tafeltennis. Wils, lid fan FTTC, wûn sneon yn Frjentsjer de finale mei 4-0 fan Jaap van Hijum út Bûtenpost. De setstannen wienen 14-12, 11-9, 11-6 en 11-7. It is de twadde kear dat de Grinzer it Frysk kampioenskip pakt. Hy nimt de titel oer fan Arnoud Meijer út Dokkum. Wils en Meijer waarden earder op de dei dûbelkampioen.

By de froulju gong de titel nei Tamar Kooistra fan Burgum. Corrie Wijnstra fan Dokkum waard twadde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)