Sjinkie Knegt twadde op 500 meter op EK shorttrack

24 jan 2015 - 18:03
  • Sjinkie Knegt

Sjinkie Knegt is sneon der net yn slagge syn twadde gouden medalje te pakken op it EK shorttrack yn Dordrecht. Yn de finale fan de 500 meter moast Knegt yn in spannende einstriid de winst litte oan syn grutte konkurrint Viktor An út Ruslân. It brûns gong nei syn lângenoat Semen Elistratov. Freek van der Wart einige as fjirde. Earder op de dei pakte Knegt wol it goud op de 1500 meter.

Yn de B-finale fan de 500 meter einige Daan Breeuwsma as tredde.

Knegt giet yn it tuskenklassemint oan de lieding mei 55 punten. An stiet twadde mei 42 punten, folge troch lângenoat Elistratov mei 34 punten. Dêrnei folgje Breeuwsma en Van der Wart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)