Knegt troch nei finale 500 meter, Breeuwsma stelt teloar

24 jan 2015 - 16:20

Shorttracker Sjinkie Knegt hat him pleatst foar de finale fan de 500 meter op it EK shorttrack yn Dordrecht. Knegt wûn de heale finale foar Viktor An. Daan Breeuwsma fan Aldeboarn slagge der yn syn heale finale net yn him te pleatsen foar de einstriid op de 500 meter. Hy einige as fjirde en giet dêrom troch nei de B-finale. Freek van der Wart slagge der al yn him te kwalifisearjen foar de finale.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)