Knegt en Breeuwsma ienfâldich nei heale finale 500 meter

24 jan 2015 - 15:50
  • Sjinkie Knegt

Shorttrackers Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma hawwe harren mei grut gemak pleatst foar de heale finale fan de 500 meter op it EK shorttrack yn Dordrecht. Knegt kaam mei romme foarsprong as earste oer de streek yn de kwarfinale. Ek Breeuwsma hie gjin muoite om in plakje foar de heale finale te pakken.

Yn de heat dêrfoar pakte Freek van der Wart al in startplak foar de heale einstriid op de 500 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)