Syktocht op De Jouwer nei mooglik fermist persoan

In grutte syktocht fan de helptsjinsten yn De Jouwer hat sneontemiddei neat opsmiten. Lâns it wetter fan de Omkromte waarden spoaren fûn yn de rjochting fan it wetter. Der is ûnder oare socht mei de boat fan de brânwacht fan Langwar.
Nei't dúdlik waard dat der net ien yn it wetter lei, is de brânwacht werom gien nei de kazerne.