Knegt en Breeuwsma nei finale op 1500 meter

Shorttrackers Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma binne wis fan in finaleplak op de 1500 meter by it EK shorttrack yn Dordrecht. Yn de heale finale kaam Knegt sneontemiddei as winner oer de streek. Breeuwsma waard knap twadde, nei't er mei muoite oerein bleau by in falpartij. Dêrmei binne beide Friezen wis fan in plak yn de finale, dy't letter op de middei riden wurdt.
Ek Viktor An, de grutte konkurrint fan Knegt pleatste him foar de finale.