Sûnenssintrum De Hertog yn Frjentsjer iepene

24 jan 2015 - 12:00

Yn Frjentsjer is sneon it nije sûnenenssintrum De Hertog iepene. Yn it sintrum oan de Hertog van Saxenlaan sitte alle húsdokters fan Frjentsjer. Yn itselde gebou sit ek in apoteek, fysioterapeuten, GGD, kreamsoarch en thússoarch.

It hat lang duorre foardat it multyfunksjonele soarchgebou der kaam. Yn 1998 wiene de earste petearen oer de komst fan dit sintrum al.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)