Ljouwerter oanhâlden foar bedriging

24 jan 2015 - 11:40

De plysje yn Ljouwert hat freedtenacht in 19-jierrige Ljouwerter oanhâlden nei't dy in oare man bedrige hie. De 22-jierrige man út Ljouwert waard op de Voorstreek sa mar bedrige troch syn stedgenoat. In 17-jierrige jonge út Hoogeveen waard earst ek oanhâlden op fertinking fan bedriging, mar waard letter heard as tsjûge. De 19-jierrige Ljouwerter sit noch fêst foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)