Feanster wegeret te beteljen yn restaurant
In 50-jierrige man út It Hearrenfean is freedtejûn yn Ljouwert oanhâlden. De man hie iten yn in restaurant oan de Iewâl en wegere syn rekken te beteljen. Ut ûndersyk troch de plysje die bliken dat der al ferskate oanjeften tsjin de man dien wiene. Hy is dêrom meinaam nei it plysjeburo om fierder heard te wurden.