Swarte seehûn by kresj yn Pieterburen

Swarte seehûn
Seehûnekresj Pieterburen hat freedtenacht in bysûndere swarte seehûn opfongen. It bistje hat melanisme, dêrtroch bliuwt it hier swart. Fiskers hawwe it bist rêden en nei de opfang brocht. It bist wie ûnderkuolle en ferwûne oan ien fan de poaten.
De seehûn wurdt no earst ûndersocht op it seehûnefirus dat al foar tsientallen deade bisten soarge.