Omkommen sjauffeur fan mobile kraan kaam út Schoonebeek

24 jan 2015 - 10:26

De sjauffeur fan de grutte mobile kraan fan it Fryske bedriuw Kielstra dy't freed by Gieten ferûngelokke, is in 42-jierrige man út Schoonebeek. De man stoar op it plak fan it ûngelok. It slachtoffer ried moarns rjochttroch op in rotonde yn de N34 by Gieten.

De swiere kraan kaam fêst te setten yn in wâl yn it midden fan de rotonde. It duorre oeren foar't de kraan út de wâl helle wurde koe. Nei de oarsaak fan it ûngelok wurdt noch ûndersyk dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)